Testo Wat Is Leafde
Testo Wat Is Leafde
Wat is leadfefoar jins bertegrûn, in beaken yn'e tiid?
Is't ljocht yn tsjust're dagen, in hâldfèst yn soarch en striid?
Of is't in sèfte pine dy't nimmen ea ferdriuwt?
It byld fan't âlde hus dat altiid bliuwt?
Is dy leafde faaks in finster, in nea ferlerne doar?
dy't noch altiid foar jo iepenstean, oan'e ein fan't lange spoar?
Foar elst dy't soms himsels ferliest p fier' en frjemde grûn
In bân mei't plakje dêr't de reis begûn
In leafde dy't jin freugde jout by sinne op jo wei
Dy't waarmte oer jins tinzen spriedt oan' ein fan elke dei
Of swiete treast as't lok ferkeart yn stjinslach en fertriet
It dreamen fan in wei werom dy't jimmeroan bestiet
Is de leafde foar jins bertegrûn in beam dy't altiid bloeit?
Is't de sinne oan in fiere kym dy't yn de jûntiid gloeit?
In foto fan in simmerdei op klaaigrûn of yn't wrâld
Dy't troch de tiid syn kleur en waarmte hâld?
Hat it mei wierheid ut te stean of wol men it sa sjen?
Sjocht elke swalker wer werom mei d' eagen fan in bern?
Wat is leafde foar jins bertegrûn, in beaken in'e tiid?
Is't in ljocht yn stjust're dagen, in hâldfêst yn soarch en striid?
Of ist een sêfte pine?
Hoe't men it ek beskriuwt?
't Is leafde dy't in minskellibben bliuwt
- Ik Ha Dy Leaf
- Yn Myn Tinzen
- Ik Kijk
- In nije dei
- De Maniak
- Eltse Grins Foarby
- Alles Van Mij
- De Noorderzon
- Als Ik Vliegen Kon
- Pake Syn Wein
Altri testi di De Kast
Lyrics powered by LyricFind
- Testi Ultimo
- Testi Pinguini Tattici Nucleari
- Testi Vasco Rossi
- Testi Jovanotti
- Testi Marco Mengoni
- Testi Lucio Battisti
- Testi Tiziano Ferro
- Testi Cesare Cremonini
- Testi Gazzelle
- Testi BLANCO
